Strjittekeatsen tongersdei 19 juny 2014
Langsaam oan rûgelen op tongersdei te middei de opjeftes wat binnen fia mail en Whatsapp. Om 18.00 stienen der 17 minsken op papier, wat betekene dat der 7 twataltjes en ien trijetal wienen. Wiere strjittekeatsers as Hilda Dolstra, Henk Ernst en Jan Dick Slob koenen hjirby natuurlik net untbrekke. Allinich Henk wie syn ofspraak by de kapper ferjitten, sadat der úteinlik yn 8 twatallen keatst waard. De rigels per perk ferskillen wat. By it iene perk stiet in beam, by it oare perk in auto. Underling waarden de ofspraken goed makke en der siet wer in soad passie en striid yn it spul! Nykommer yn Mantgum Klaas Goodijk liet gelyk de earste omloop sjen in aardich baltsje slaan te kinnen mei Grietje Stoppels oan syn side. Se wienen echter net opredden tsjin it teamwork fan Lyssa van der Ende en Menno Bonekamp. Dy twa lotten foarich jier ek al by inoar en koenen mei derom de winst toch pakke. It petoer fan de Wal, besteande út Pieter Klaversma en Henri Stoppels wun fan Anke Koldyk en Wisse Arendz. De opslach blykte by de twa mannen wol wat in manco te wezen, mar dit koe de earste omloop krekt genoch lije. Hilda Dolstra wie mei har status as superstrjittekeatser mei Jehannes Arendz al gau feilig fan in plakje yn'e twadde omloop. Jelle Terpstra en Jouke Bonekamp hienen it tige nei de sin, mar makken krekt wat te folle fouten. Jan Dick Slob (ferhúze fan Jehannes en Hilda nei Jennie Terpstra, omdat Henk syn hier yn'e pronk moast) koe mei Jennie de earste omloop winne fan Jente Muller en Reinder Bonekamp. Sy moasten hjirfoar noch wol oan'e bak, want toen de fouten der by de mannen iens út wienen, makken se noch in krease comeback. Yn de twadde omloop koenen de praatsjes fan Henri Jehannes en Hilda net fan de wiis bringe. Troch deeglik keatsen koenen sy de spannende wedstryd op it ein yn hun foardiel beslúte. Jennie en Jan Dick wunen fan Lyssa en Menno, wertroch de finale yn de winnersrunde bekend wie. De ferliezersrunde finale gie tusken Klaas en Grietje en Anke en Wisse. Gelokkich wurde disse wedstryden op de langste dagen fan it jier ferkeatst, want beide finales wienen tige spannend en duorren frij lang. It publiek waard gelokkich wat ferwaarme troch de 5 - 5 partijen, want it wie mar kald! Eintsje beslút waard Hilda fan har troan stoaten as strjittekeatskeninginne. Jennie Terpstra koe disse rol oernimme mei har twadde oerwinnning op rij. Yn de ferliezersrunde lieten Klaas en Grietje sjen in goed team te wezen en de winst te pakken. Neidat de prachtige kransen fan Maria en Doete en de hearlike gebakjes fan de Poiesz útrikt wienen, gie iederien nei hús om lekker op te waarmjen by de kachel! Oant oar jier! Útslach: Winners: 1e: Jennie Terpstra en Jan Dick Slob 2e: Jehannes Arendz en Hilda Dolstra Ferliezers: 1e: Klaas Goodijk en Grietje Stoppels 2e: Anke Koldijk en Wisse Arendz
Geplaatst op 24 June 2014